Vegelin State
It is in prachtich plaatsje as jo foar Vegelin State stean: de wite foargevel fan it monumintale gebou. Yn dizze eardere skoalle fine jo alle sintrale foarsjenningen. As jo troch de yngong rinne, fielt it binnen ljocht en romtlik. Oan jo rjochterkant rinne jo sa it restaurant yn. Yn de noflike romte dêr tsjinoer kinne jo oare bewenners moetsje en meidwaan oan aktiviteiten. Efter it haadgebou giet in grutte ferrassing beskûl. As jo fan ’e yngong ôf trochrinne iepenbieret him it hege en ljochte atrium. Alle foardoarren fan de apparteminten grinzje oan dizze ymposante romte dy’t tagelyk de binnentún is. It atrium is oerdekt en dêrom poer geskikt foar it hâlden fan de meast útienrinnende aktiviteiten.
Thús fiele
Thús fiele is it wichtichste aspekt binnen Vegelin State. Wy wurkje graach gear mei jo neisten om derfoar te soargjen dat jo it nei ’t sin hawwe. It wensoarchsintrum hat 45 tige romme apparteminten fan 60 oant 120 m2. Jo kinne jo wenning nei eigen winsk en smaak ynrjochtsje. Alle apparteminten hawwe in wen-/sliepkeamer, útfanhuzerskeamer, keuken en badkeamer mei wasktafel, dûs en wc. Wy fine kontakt mei mantelsoargers tige wichtich en op dizze wize hawwe jo de mooglikheid om jo famylje by jo oernachtsje te litten. En ek jo goede freon of freondinne kin sa ris útfanhûs bliuwe. It restaurant op de ûnderferdjipping is it plak dêr’t alle dagen it iten fersoarge wurdt en dêr’t jo oare bewenners moetsje kinne.
Fuortby lytsskalich wenjen Us Hôf
Op ’e begeane grûn binne 12 apparteminten lytsskalich wenjen foar minsken mei demintsy. Lytsskalich wenjen Us Hôf biedt dêrneist twa mienskiplike wenkeamers foar elk seis senioaren mei demintsy. De wenkeamers sjogge út op in grutte en fraai oanleine ôfsletten tún dêr’t it hearlik toevjen is.
Iten út eigen keuken
Alle dagen siedt de keukenbrigade in lekker en sûn miel út de eigen keuken fan Vegelin State. Dit waarme miel meitsje sy klear mei leafde foar jo as bewenner fan Vegelin State of ynwenner fan De Jouwer en omkriten. Mear ynformaasje oer de waarmmielservice fan Hôf en Hiem fine jo hjir: waarmmielservice.
Aktiviteiten
Jo sille fernimme dat der yn Begelin State altyd wol wat te belibjen is. As jo dat wolle kinne jo meidwaan oan ien fan de mannich leuke aktiviteiten. It wiidweidige oanbod oan aktiviteiten wurdt gearstald op grûn fan jo winsken en ferlet. Binne jo graach yn beweging? Sjonge jo leaver? Of binne jo graach kreatyf? It makket net út hokker aktiviteiten jo kieze en hoefolle. It is in noflike wize om aktyf te bliuwen en om oaren te treffen. Ek as jo allinnich sin ha oan in kopke kofje, binne jo wolkom om oan te skowen.
Fasiliteiten
As jo dat net wolle, hoege jo de doar net út. Om’t Begelin State hast alles yn ’e hûs hat, is it hiel noflik wenjen.
- kapsalon
- pedikuere
- skjintmespesjaliste
- winkeltsje
- restaurant
- teäterseal
- fitness
- fysiotearapy
- biblioteek
Oanleunwenningen Vegelin State
Wenjen fuortby Vegelin State kin ek al hiel noflik wêze. Hjirtroch binne de fasiliteiten, soarch en ûndersteuning tichtby as jo dy nedich hawwe. Efter Vegelin State binne 36 hierwenningen. Ut dizze senioarewenningen wei is Vegelin State hiel maklik te berikken. Sa binne jo as bewenner fan it appartemintekompleks yn in mum fan tiid yn it wensoarchsintrum. It is, binnen bepaalde omstannichheden, sels mooglik om yn dizze wenningen de soarch te ûntfangen dy’t jo ek yn it wensoarchsintrum krije soene. Besjocht de mooglikheden fan it Folslein Pakket Thús fan Hôf en Hiem Thússoarch. De wenningen yn it twadde hôf wurde ferhierd troch wenningkorporaasje Accolade.
Wolle jo mear witte?
Hawwe jo ferlet oan mear ynformaasje of hawwe jo fragen? Dan kinne jo altyd kontakt opnimme mei de resepsje fan Vegelin State.
Wensoarchsintrum Vegelin State
Harddraversweg 4
8501 CM Joure
T 0513 – 41 25 69
F 0513 – 48 10 44
E vegelinstate@hofenhiem.nl
Yndikaasje en kosten
Foar it wenjen yn Vegelin State hat jo in yndikaasje nedich. Dizze yndikaasje kinne jo oanfreegje fia it Sintrum Yndikaasjestelling (CIZ). It wenjen yn Vegelin State krije jo fergoede út de Wet Langduorjende Soarch (WLZ), jo betelje dêrfoar in eigen bydrage fia it CAK. De hichte fan jo eigen bydrage is ôfhinklik fan jo ynkommen. Jo kinne dit berekkenje op de webside fan het CAK. As jo yn oanmerking komt foar in WLZ-indicatie, dan kinne jo telefoanysk kontakt opnimme mei de resepsje fan Vegelin State. Wolle jo in rûnlieding of ha jo fragen oer it wenjen yn Vegelin State? Meitsje dan in ôfspraak fia de resepsje, jo binne fan herte wolkom!