Suderigge
As jo wensoarchsintrum Suderigge yn stappe, fernimme jo fuortdaliks de unike sfear fan it fiskersdoarp De Lemmer. Wenje yn Suderigge is wenje yn De Lemmer méi ekstra soarch en oandacht. As jo sin hawwe oan in kopke kofje bûten de doar of in boadskipke dwaan wolle is dat altyd binnen hânberik. Troch de lizzing fan Suderigge binne jo yn in pear minuten sa yn it sintrum fan De Lemmer. Net allinnich bewenners binne graach yn Suderigge; ek senioaren út de oanleunwenningen binne der faak te finen. Foar in kopke kofje bygelyks. Of om mei te dwaan oan in aktiviteit út it wiidweidige aktiviteiteprogramma.
Thús fiele
Wenjen stiet yn Suderigge foarop. Wy fine it wichtich dat jo jo thús fiele. Tegearre mei jo neisten soargje wy derfoar dat jo it noflik hawwe yn Suderigge. It wensoarchsintrum hat 72 apparteminten. It appartemint dêr’t jo wenje kinne jo nei eigen winsk en smaak ynrjochtsje. Alle apparteminten hawwe in wen-/sliepkeamer, keuken en badkeamer mei wasktafel, dûs en wc. De grutte seal op de ûnderferdjipping is it plak dêr’t alle dagen it iten fersoarge wurdt en dêr’t jo oare bewenners treffe kinne.
Iten út eigen keuken
Alle dagen siedt de keukenbrigade in lekker en sûn miel út de eigen keuken fan Suderigge. Dit waarme miel meitsje sy klear mei leafde foar jo as bewenner fan Suderigge of ynwenner fan De Lemmer en omkriten. Mear ynformaasje oer de waarmmielservice fan Hôf en Hiem fine jo hjir: waarmmielservice.
Aktiviteiten
Der is in wiidweidich en ôfwikseljend aktiviteiteoanbod, ôfstimd op jo winsken en ferlet. Jo kieze sels oft jo meidogge oan de aktiviteiten en hoe faak. Neist dizze aktiviteiten kinne jo as bewenner mar ek as bewenner fan in oanleunwenning nei ‘It Kafee’ foar in praatsje, in aktiviteit sa as bewege op muzyk en/of bôle-iten. Alle dagen fan ’e wike binne jo wolkom tusken 15.00 en 20.00 oere.
Fasiliteiten
De mooglikheden yn Suderigge meitsje dat it plezierich wenjen is. Jo hoege eins de doar net út as jo dat net wolle want alles is safolle mooglik yn ’e hûs. De fasiliteiten dy’t wy binnen Suderigge biede:
- Senioarerestaurant meo eigen keuken
- Bar
- Kapsalon
- Pedikuere
- Winkeltsje
Oanleunwenningen Suderigge
As it wenjen yn ’e buert fan Suderigge jo in feilich gefoel jout, kinne jo yn ien fan de santjin oanleunwenningen komme te wenjen. It appartemintekompleks grinzet oan it wensoarchsintrum en hat sels in direkte ferbining. Hjirtroch wenje jo selsstannich mei de fasiliteiten fan Suderigge fuortby. It is, binnen bepaalde omstannichheden, sels mooglik om yn dizze wenningen de soarch te krijen dy’t jo ek yn it wensoarchsintrum krije soene. Besjocht de mooglikheden fan it Folslein Pakket Thús fan Hôf en Hiem Thússoarch. Lês mear ynformaasje oer it hieren fan in oanleunwenning tichtby Suderigge.
Wolle jo mear witte?
Hawwe jo ferlet oan mear ynformaasje of hawwe jo fragen? Dan kinne jo altyd kontakt opnimme mei de resepsje fan Suderigge.
Wensoarchsintrum Suderigge
Christiaan de Vriesstraat 2
8531 EL Lemmer
T 0514 – 72 92 00
suderigge@hofenhiem.nl
Yndikaasje en kosten
Foar it wenjen yn Suderigge hat jo in yndikaasje nedich. Dizze yndikaasje kinne jo oanfreegje fia it Sintrum Yndikaasjestelling (CIZ). It wenjen yn Vegelin State krije jo fergoede út de Wet Langduorjende Soarch (WLZ), jo betelje dêrfoar in eigen bydrage fia it CAK. De hichte fan jo eigen bydrage is ôfhinklik fan jo ynkommen. Jo kinne dit berekkenje op de webside fan het CAK. As jo yn oanmerking komt foar in WLZ-indicatie, dan kinne jo telefoanysk kontakt opnimme mei de resepsje fan Suderigge. Wolle jo in rûnlieding of ha jo fragen oer it wenjen yn Suderigge? Meitsje dan in ôfspraak fia de resepsje, jo binne fan herte wolkom!