Hat each foar jo wenplêzier

De Werf

Yn lytsskalich wenjen De Werf wenje sechstjin âlderen mei demintsy of in fergelykber syktebyld. De wenfoarsjenning bestiet út twa wengroepen en is ûnderdiel fan wensoarchkompleks De Werf. As jo it nije pân efter de Midstrjitte yn De Jouwer yn rinne, fiele jo de rêstige en ûntspannen sfear. De bewenners sille jo nei alle gedachten treffe yn de gesellige wenkeamers.

Wenjen en wolwêzen bewenner liedend

Eigen rezjy is hiel wichtich by lytsskalich wenjen. Wy gean út fan wat immen sels dwaan kin en wêr’t de famylje ûndersteune kin. Hat de famylje altyd in rol spile yn in bepaald ûnderdiel yn it libben fan in bewenner? Binne De Werf bliuwe wy dat trochsetten om de bewenner safolle mooglik in gefoel fan thús te jaan. Wy fine it fan grut belang om de rituelen en weaden fan bewenners te kennen. Dêrtroch kinne wy de foarkarren en ferletten fan immen better begripe. De Werf is de wenomjouwing fan de bewenner en dêrom is wenjen en wolwêzen liedend. De soarch is ûndersteunend. As dat mooglik is bepaalt de bewenner in eigen ynfolling fan ’e dei dêr’t wy helpe in struktuer yn oan te bringen. Dit jout rêst troch de dei. Der wurde wol mooglikheden oanbean lykas kofjedrinke, túnkje of kuierje. Ek wurde der geregeld aktiviteiten organisearre mei bygelyks muzyk. Om nei te harkjen of te sjen of sels mei te dwaan.

Nijste techniken tapast

Lytsskalich wenjen De Werf is foarsjoen fan de nijste techniken en ûntwikkelingen op it mêd fan wenjen foar minsken mei demintsy. Alle bewenners hawwe in eigen wen/sliepkeamer mei badkeamer. De wenning mei ynrjochte wurde mei persoanlike spullen. Dat jout in thúsgefoel. It rinsirkwy jout bewenners dy’t dêr ferlet fan hawwe gelegenheid om feilich en fertroud kuierje te kinnen. De binnentún is sa oanlein dat bewenners in ekstra belibbing ûnderfine troch stimulearring fan geuren, kleuren, struktueren en lûden. Dat makket de tún neist in feilich ek in noflik plak om te wêzen.

Wichtige rol foar famylje en frijwilligers.

Famyljeleden en frijwilligers hearre by it deistich libben binnen De Werf. Sy ûndersteune by it iten, begeliede útstapkes en komme geregeld lâns om bygelyks mei-inoar te kuierjen, te lêzen of in kopke kofje te drinken. Mei-inoar soargje wy foar in optimaal wolwêzen fan de bewenners.

Wannear kin immen yn De Werf komme te wenjen?

As immen de feilichheid nedich hat fan 24 oeren deis soarch en kontakt as gefolch fan demintsy of in fergelykber syktebyld, dan kinne wy in feilich thús biede. Lytsskalich wenjen De Werf is in waarme thúshaven dêr’t wy sjogge nei de mooglikheden en bewenners de romte biede om safolle mooglik harsels te wêzen.

Hoe’t wy wurkje

Wy leauwe dat as wy de bewenner echt kennen leare en romte jouwe om neffens eigen gebrûken en wearden te libjen, dit in posityf effekt hat op it wolwêzen. Wy kinne beheiningen en problemen net altyd fuortnimme, mar troch it oanpassen fan de omjouwing en begjegening ûnderfine de bewenners mear eigen rezjy. Wy wurkje yntinsyf gear mei de spesjalist âlderengenêskunde en dêr’t dat nedich is mei de fysioterapeut, ergoterapeut, psycholooch en oare spesjalisten.

Wat moat ik regelje?

Ferpleechkundige Sandra Meesters-Hoogkamp is it oansprekpunt foar ús lytsskalige wenfoarmen. Wolle jo jo belangstelling kenber meitsje, dan kinne jo kontakt mei har opnimme, fia: s.meesters@hofenhiem.nl. Sandra Meesters-Hoogkamp is ek telefoanysk te berikken fia de resepsje fan Suderigge: 0514 – 56 16 45. Sy besprekt mei jo oft De Werf in geskikt plak is foar de situaasje fan jo neiste of dat in oare lytsskalich wenjenlokaasje, lykas Cornelia Hoeve, Us Hôf of Us Hiem miskien better oanslút. Sandra kin jo ek mear fertelle oer eventuele wachtlisten. Wy stelle altyd foar om jo rûn te lieden tegearre mei jo neiste(n). It is foar elke belutsene en seker foar takomstige bewenner fijn om alfêst de noflike sfear te fielen en te sjen oft dit oanslút by him of har. Ut ûnderfining witte wy ek dat it helpend wêze kin om de takomstige bewenner mei te nimmen yn de oansteande ferhuzing. As der in appartemint frijkomt, nimme wy kontakt mei jo op. Jo of de casemanager demintsy kinne dan in oanfraach dwaan foar in ‘Beslút ta opname en ferbliuw’ (artikel 21) by it CIZ. Dizze oanfraach kin maksimaal acht wiken foar de ferhuzing dien wurde.