Thússoarch regio Balk
Regio Balk stiet bekend as it gebiet fan bosk en wetter. De Luts, de Fluezen, de Sleattemermar of de Iselmar, ien fan dizze wetters is altyd tichtby. It âlde Gaasterlân is de omjouwing dêr’t jo jo thús fiele. Hôf en Hiem Thússoarch regio Balk is it team dat jo ûndersteune kin as jo op in noflike wize thús wenjen bliuwe wolle.
Selsstannigens as útgongspunt
Jo selsstannigens stiet foarop. Dêrom sjogge wy, tegearre mei jo, yn it foarste plak wat jo sels kinne en wêr’t jo neisten wat foar jo betsjutte kinne. Dêrút wei kinne wy as thússoarchteam mei jo besprekke hoe’t wy jo sa goed mooglik ûndersteune en fersoargje kinne. By it meitsjen fan jo soarchplan belûke wy ek jo neisten en wurkje wy gear mei jo húsdokter, spesjalist of sikehûs.
Fan lichte ûndersteuning oant yntinsive soarch
Yn oerlis mei jo sjogge wy hokker soarch jo nedich hawwe en it bêste by jo past. By Hôf en Hiem Thússoarch kinne wy jo helpe fanôf in lichte ûndersteuningsfraach by deistige taken oant en mei yntinsive soarch. As dat nedich is 24 oeren deis. Dit kinne wy mooglik meitsje troch de gearwurking mei wensoarchsintrum Vegelin State, ek fan Soarchgroep Hôf en Hiem. De yntinsive soarch yn gearwurking mei Vegelin State neame wy it Folslein Pakket Thús. Lês mear oer it Folslein Pakket Thús. As jo nei in sikehûsopname wer noflik nei hûs meie binne wy der ek foar jo. Jo kinne dan thús yn jo eigen omjouwing fierder opknappe.
Wy begeliede jo ûnder mear by:
- fan’t bêd kommen en op bêd gean
- waskjen en dûsen
- oan- en útklaaien
- op ’e tiid ynnimmen fan medisinen of útfieren fan ynjeksjes
- opknappen nei in operaasje
Ek foar ferpleging, yndividuele begelieding, help yn de húshâlding, fakânsjesoarch, persoane-alarmearring, Tafeltje Dekje en deibesteging kinne jo by ús terjochte.
Persoane-alarmearring
It is noflik om te witten dat help altyd tichtby is. Ek as jo yn in situaasje terjochte komme dêr’t jo de telefoan net by ûnder hânberik hawwe. Dêrom biede wy persoane-alarmearring. Mei in mobile knop dy’t jo by jo drage kinne jo elk momint alarm jaan. Dan is der gau immen fan thússoarchteam De Jouwer by jo.
Húshâldlike help
Jo binne noch net ta oan thússoarch mar hawwe wol ferlet fan in thúshelp foar de húshâlding. Dan binne jo op syk nei húshâldlike help; immen dy’t jo ûndersteunt om jo wenning op oarder te hâlden. Hjir fine jo mear ynformaasje oer help yn de húshâlding.
Fertroude gedichten
Us wykferpleechkundigen binne (naam en telefoonnummers). Ien fan harren is jo earste oansprekpunt as jo foar it earst yn kontakt komme mei Hôf en Hiem Thússoarch. Dêrnei hawwe jo ek binnen it thússoarchteam in fêst oansprekpunt. Wy neame dat in koördinearjende fersoargjende. Mei him of har hawwe jo geregeld kontakt op in frekwinsje dy’t jim tegearre ôfprate. Mei-inoar kinne jim evaluearje hoe’t it mei jo giet en oft jo mooglik noch wat nedich hawwe. Dy wissichheid fan fertroude gesichten jout hâldfêst en in gerêst gefoel.
Thússoarch oanfreegje en kosten
Binne jo benijd hoe’t it oanfreegjen fan thússoarch yn syn wurk giet? Jo kinne hjirfoar kontakt opnimme ûnder kantoaroeren mei wykferpleechkundigen (naam en telefoonnummers). Mear algemiene ynformaasje oer kosten en yndikaasje fine jo hjir.
Thússoarch oanfreegje en kosten
As jo thússoarch oanfreegje wolle, kinne jo kontakt opnimme mei ús wykferpleechkundigen wilens kantoor oeren fia 06 – 25 55 04 94 (Danielle Nieveen), 06 – 25 74 72 29 (Lisanne Klomp) of fia 06 – 25 74 72 44 (Hanna Leenstra).
Danielle Nieveen
Wykferpleechkundige
Hanna Leenstra
Wykferpleechkundige
Lisanne Klomp
Wykferpleechkundige
Algemien kontaktgegevens
Wy helpe jo graach mei fragen oer thússoarch yn Balk en omjouwing. Nim gerêst kontakt mei ús op fia ûndersteande ynformaasje.
Hof en Hiem Thuiszorg team Balk
Herman Gorterstraat 5d
8561 BR Balk
06 46 10 37 52 (7.30 – 16.00 uur)
0514 60 88 00 (16.00 – 7.30 uur)
thuiszorgbalk@hofenhiem.nl