Hat each foar dy

Kliïntefertrouwenspersoan

In goed en tefreden gefoel is fijn en ek wichtich. Merke jo dat dit net it gefal is troch in bepaalde ûnderfining mei de soarch of tsjinsten fan Soarchgroep Hôf en Hiem? Dan fine wy it fan belang dat jo heard wurde. Ek as jo wat ûnderfine dêr’t jo it net hielendal mei iens binne of dêr’t jo in klacht oer hawwe, wolle wy dat graach besprekber meitsje. Jo kinne in berop dwaan op in ûnôfhinklike kliïntefertrouwenspersoan.

Kliïntefertrouwenspersoan

By Soarchgroep Hôf en Hiem is Tannie Peters ûnôfhinklik kliïntefertrouwenspersoan. Sy wurket foar Soarchbelang Fryslân. Jo kinne mei Tannie kontakt opnimme om jo by te stean en mei jo mei te tinken oangeande soarchfragen en saken dêr’t jo minder tefreden oer binne. Tink oan ûnfrede oer jo wensituaasje, in ferfelende ûnderfining of finansjele fragen. Tannie kin jo helpe om fragen te beäntwurdzjen en om mei te tinken oer hoe’t jo probleem sa goed mooglik oplost wurde kin. Ek foar in lústerjend ear kinne jo har gerêst benaderje. Se is te berikken fia it telefoannûmer 06 – 393 474 54 of fia it mailadres peters@zorgbelang-fryslan.nl.

Kliïntefertrouwenspersoan Wet Soarch en Twang

As jo ûnfrijwillige soarch krije fanút de Wet Soarch en Twang (Wzd), dan hawwe jo rjocht op ûndersteuning fan in kliïntefertrouwenspersoan Wzd. Sippie Stoelwinder is ûnôfhinklik kliïntefertrouwenspersoan fan Quasir en is der om jo te helpen by alle fragen en klachten oer soarch dêr’t jo jo tsjin fersette. Dit kin oer fan alles gean. Oer jo fersoarging, ferpleging of behanneling. Bygelyks medisinen of in dieet dat jo foarskreaun wurdt. Unfrijwillige soarch giet ek oer dingen dy’t jo wolle mar net meie.

Kliïntenfertrouwenspersoan Sippie Stoelwinder komt ek geregeld lâns op ús lokaasjes om yn petear te gean mei bewenners en famylje. Jo kinne har berikke op de telefoannûmers 06 – 82 04 43 53 of 085 – 4874012 (algemien nûmer) of fia it mailadres SippieStoelwinder@quasir.nl.